It boek ‘ Sex to the Max’ en de Vlog searje ‘Jennifer to the Max’ stiene yn 2019 sintraal. It boek fertelt it ferhaal fan de 15 jierrige Max en de syktocht nei syn eigen seksuele identiteit. “Dizze syktocht begjint al op jonge leeftyd en it is dan ek belangryk dat we leare om hjir iepen nei te sjen,” aldus de skriuwer fan it boek, Bart Kingma. De aktuele, maatskiplike ûnderwerpen lykas groepsdruk, seksualiteit en alkoholgebrûk slepe de jongeren hielendal mei. De resultaten fan it projekt binne dan ek posityf. Sa jout omtrint ien op de twa learlingen nei it LêsNo trajekt oan nochris in Frysk boek lêze te wollen.
Yn de vlogsearje dy’t by it projekt heart, ûntwikkele troch Omrop Fryslân, ûndersiket de Frysktalige vlogger Jennifer de dea fan har buorjonge Max. Yn de You-tube-vlogs giet sy op syk nei antwurden en elkenien docht mei. De fjirde vlog fan Jennifer stiet yntusken online en is al mear as 50.000 kear besjoen. It boek, de lesbrief en de vlogs fersterkje inoar en de transmediale oanpak soarget foar ynteraksje mei de folgers.
Jelle en Femke binne al jierren de bêste freonen. Se spylje tegearre tennis en binne altyd byinoar. Mar no hat Femke op ’e middelbere skoalle ynienen oare dingen by de ein. Sy
Sven en Isabel binne net allinne in setsje, mar ek konkurrinten. Beide stride se mei om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Stockcar. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal
Dipika wennet op it plattelân fan Tamil Nadu, Súd-India, yn in lyts doarp efterôf, mei har mem, beppe, bruorren en suske. Har namme betsjut ljocht, mar har libben is tsjuster as de nacht. Al fan har
Wurden fan Timo is it yntinse ferhaal fan Nanne, in gewoane tiener, dy’t yn in ûngewoane situaasje bedarret as har broer stjert troch in ferkearsûngelok. It is krekt yn it jier dat se vmbo-eksamens dwaan
It superspannende boek The Challenge giet oer Jesse dy’t ûntfierd wurdt troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him mei te dwaan oan The Challenge: in spul wêrby’t hy ôfgryslik smoarge opdrachten
It boek ‘ Sex to the Max’ en de Vlog searje ‘Jennifer to the Max’ stiene yn 2019 sintraal. It boek fertelt it ferhaal fan de 15 jierrige Max en de syktocht
Foar de edysje fan 2018 wie oan seis skriuwers opdracht jûn om in ferhaal te skriuwen oer in bekende Fries, te witten: Abe Lenstra (Douwe Kootstra), Maurits Escher (Elske Kampen), Mata-Hari (Lida
It boek ‘Wês net bang’ fan skriuwer Hanneke de Jong fertelt it wier barde ferhaal fan de 17-jierrige Lilan. Fanwege de oarloch yn her bertelân Syrië lit se alles achter en besiket
Yn 'De deikoersen fan Remco (skriuwer: Bart Kingma) wol Remco Heeringa (14) profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan
It ferhaal fan Grutte Pier: Krús fan de Hollanner spilet yn it Fryslân fan begjin 16e ieu. In avontuerlik ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske folksheld, skreaun troch Ate Grypstra.
Door Janneke Straatsma|2020-12-15T13:09:59+01:0020 september 2019|Edities|Reacties uitgeschakeld voor Sex to the Max – 2019