Oer LêsNo!
Yn it ramt fan lêsbefoardering en literatueredukaasje is it doel jongerein yn it earste learjier fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân te stimulearjen om jierliks in Frysk boek te lêzen om dêrmei de wille yn it (Frysk) lêzen te ûntdekken en te fergrutsjen. Om dit te berikken wurdt alle jierren neist it spesjaal foar dit projekt skreaun boek ek oansprekkend lesmateriaal ûntwikkele, in audiomeilêsferzje makke én wurdt der socht nei in oanfoljend medium.
LêsNo bestiet yntusken 12 jier. Der dogge de lêste jierren sa’n 5000 learlingen mei oan it projekt dat troch hieltyd mear dosinten Frysk wurdearre wurdt.
Yn de lessen Frysk wurdt yn jannewaris/febrewaris wurke mei it boek en oare media (sa as in webside, in flogsearje of filmkes). Mar ek oare fakken (lykas maatskippijlear) kinne meastal wol mei de tematyk út it boek oan ‘e slach.
Wat is
LêsNo?

Nijs
Maten, foar altyd!
It boek foar de kommende edysje fan LêsNo is 'Maten, foar altyd' en is skreaun troch Thys Wadman. Koarte ynhâld: Ynienen sjoch ik har.
Rekôr oantal dielnimmers
Dit jier dogge 40 skoallen, mei 236 klassen, mei oan it leukste literatuerprojekt foar learlingen. Nei de krystfakânsje giet LêsNo fan start en lêze
Biography Thys Wadman
Libben en wurk: Thys Wadman (1956) groeide op yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn
Wêrom meidwaan oan LêsNo?
Jongeren mear Frysk lêze litte yn it fuortset ûnderwiis? Dat kin mei LêsNo! Yn dizze fideo fertelle dosinten en learlingen wat se








