Oer LêsNo!

Yn it ramt fan lêsbefoardering en literatueredukaasje is it doel jongerein yn it earste learjier fan it fuortset ûnderwiis yn Fryslân te stimulearjen om jierliks in Frysk boek te lêzen om dêrmei de wille yn it (Frysk) lêzen te ûntdekken en te fergrutsjen. Om dit te berikken wurdt alle jierren neist it spesjaal foar dit projekt skreaun boek ek oansprekkend lesmateriaal ûntwikkele, in audiomeilêsferzje makke én wurdt der socht nei in oanfoljend medium.
LêsNo bestiet yntusken 12 jier. Der dogge de lêste jierren sa’n 5000 learlingen mei oan it projekt dat troch hieltyd mear dosinten Frysk wurdearre wurdt.

Yn de lessen Frysk wurdt yn jannewaris/febrewaris wurke mei it boek en oare media (sa as in webside, in flogsearje of filmkes). Mar ek oare fakken (lykas maatskippijlear) kinne meastal wol mei de tematyk út it boek oan ‘e slach.

Wat is
LêsNo?

Nijs

Terpelân

It is de takomst. De seeën binne omheechkommen en de wrâld rekke ûnder wetter. Wat der noch oer is fan de minskheid wennet op