Hilda Talsma (1971) folge de oplieding ta dosint tekenjen twadde graad oan de NHL yn Ljouwert. Hilda is troud mei Jelle Talsma en se hawwe fjouwer bern; de trije soannen Fonger, Hylke en Teunis en dochter Rixt. Se wenje yn Warten.
Yn 2011 ferskynde by útjouwerij Elikser har debút, De twadde hûd, it earste diel fan de Frisum-trilogy. Dêrnei skreau se Flammen (2012) en It geloksbern (2013).
Yn dizze boeken wurdt in doarpslibben op in realistyske en rûge manier beskreaun. Har direkte en humoristyske styl fan skriuwen, yn sprektalich Frysk, meitsje dat de boeken flot en meisleepjend binne om te lêzen. Berne op in doarp en har hiele libben wenne yn doarpen, wit se as gjin oar wat der him achter de ‘deeglike’ skermen fan in doarpsmienskip ôfspylje kin. Oerspul, drankmisbrûk, merke, romantyk, seks en leafde… alle yngrediïnten foar in spannend ferhaal.
Nei de Frisum-trilogy skreau se it boek Brekber (2014) oer it bysûndere hynstefamke Sinne. Yn 2015 ferskynde de earste skûtsjeroman Wyn fan feroaring, yn 2016 Wyn fan de wierheid en yn 2017 Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal (2019) sjogge we guon personaazjes út de eardere romans wer werom. Tuskentroch skreau se ek noch har earste jeugdboek Slangen ûnder it bêd (2017), nei in idee fan Henk de Vries.
Yn 2017 wurke se mei oan de film Yn dit lânskip leit myn libben, makke ta gelegenheid fan Kulturele Haadstêd 2018.
Dêrnêst skreau se in fjouwertal ienakters foar bern en folwoechsenen, dy’t opfierd waarden troch toanielselskip Warten.
Yn 2020 is Hilda frege om it kadoboek foar de Fryske boekewike fan 2021 te skriuwen en dat is Lockdownleafde wurden mei it ferhaal fan DJ Ewald neidat er mei syn klup Panhuys troch koroana yn problemen kommen is.
Yn 2019 kaan de roman De Onnie’s en it hynstebal út, wêryn personaazjes út al de eardere romans weromkomme. Ek yn har nijste boek De Onniefariant (2023) komme suver alle âlde bekenden wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling de Onnies!