Oer LêsNo!
 

LêsNo is in lêsbefoarderingsprojekt foar jongerein yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. It projekt is op inisjatyf fan it Platfoarm Lêsbefoardering Frysk ta stân kaam yn 2015. Afûk, Cedin, Fers en Stichting Lezen wurkje mei LêsNo gear mei as doel om de lêswille by de jonge doelgroep te fergrutsjen.
Om dat doel te berikken wurdt socht nei in oansprekkend, meastentiids nij boek yn kombinaasje mei oare media (sa as in webside en in flogsearje).
Dêrfoar wurdt ûnder oare gearwurke mei Omrop Fryslân, GGD Fryslân en ferskate újouwers.
Oantal dielnimmers fan alle edysjes oant no ta:
2015:  1895 learlingen, 13 skoallen
2016:  2920 learlingen, 19 skoallen
2017:  4038 learlingen, 31 skoallen
2018:  3233 learlingen, 27 skoallen
2019:  2903 learlingen, 22 skoallen
2020:  3805 learlingen, 29 skoallen
2021:  4133 learlingen, 31 skoallen
Stipers
LêsNo 2020-2021 is mei mooglik makke troch stipe fan de Provinsje Fryslân en Stichting Lezen.

Platfoarm Lês-befoardering Frysk

De oan it platfoarm dielnimmende organisaasjes befoarderje mei-inoar it brûken en lêzen fan de Fryske taal. Se stimme harren fyzje en belied op inoar ôf en ûntwikkelje mei-inoar (ûnderwiis) projekten. Njonken LêsNo is Tomke al jierren in grut, kollektyf projekt.
Kearnteam: Afûk, Fers, Cedin, Stichting Lezen, Provinsje Fryslân, Tresoar en Nederlands Letterenfonds. Oare leden: Fryske Akademy en Omrop Fryslân.