Terpelân – 2027

It is de takomst. De seeën binne omheechkommen en de wrâld rekke ûnder wetter. Wat der noch oer is fan de minskheid wennet op hege, nije Terpen dy’t útstekke boppe it Waadwetter.
De sechstjinjierrige Annigje wennet op de Terp Bintheim, dêr’t it libben swier is, alles nei algen stjonkt en de mysterieuze Magister elkenien yn ‘e gaten hâldt. Seis jier lyn ferdwûn har heit, meinommen troch Hanthaveners om’t er ferbean guod út it ferline bewarre. Sûnt dy dei hat se ien doel: him weromfine.
No hat se har kâns om achter de wierheid te kommen. Hjoed dogge desechstjinjierrigen mei oan de Klim. Wa’t as earste de top fan de âlde wynmûne berikt, mei nei de Terp fan de Hege Toer. Dêr wennet de Magister, dy’t alle antwurden hat.
Mar de Klim is libbensgefaarlik en de konkurrinsje spikerhurd. Sil Annigje har doel berikke?

Audiomeilêsferzje Terpelân

Foar de learlingen

Foar de dosinten

Yn de dosintehantlieding stean ek de antwurden, dêrom kinne jimme de hantlieding hjir net downloade. Stjoer efkes in mailtsje nei lesno@fers.nl, dan wurdt dizze sa gau mooglik nei jimme tastjoerd.