It boek foar de kommende edysje fan LêsNo is ‘Maten, foar altyd’ en is skreaun troch Thys Wadman.
Koarte ynhâld: Ynienen sjoch ik har. Se hat it finster fan it loket iepenskood, sjocht my oan en knikt even. Se hat in blauwe polo oan mei dêrop it logo fan de plysje.
‘Hoi! Wat sitsto dêr silich op dat bankje. Kin ik miskien wat foar dy dwaan?’ freget se.
Ik kom oerein en rin nei it loket. ‘Ik haw in ôfspraak’, sis ik. Ik fiel dat myn stim in bytsje trillet.
Ids en JJ binne al jierrenlang freonen. Gjin gewoane freonen, mar echte maten. Maten foar altyd, sizze se sels. Dat hawwe se op de basisskoalle ôfpraat, mar op de middelbere skoalle feroaret in soad. Hoe giet it mei sa’n freonskip as ien fan beiden oer de skreef giet? Giet de oar dêryn mei? Of kiest dy foar himsels?