It lêsbefoarderingsprojekt LêsNo wurdt hieltyd populêrder. By LêsNo krije brêgeklassers alle jierren fergees in Frysk boek. Dit jier skreau Thys Wadman it boek Maten, foar altyd. In rekôr oantal fan 5700 learlingen lêze op dit stuit it ferhaal en dûke yn de byhearrende opdrachten, stellingen en dilemma’s. Fia QR-koades yn it boek kinne learlingen ek feiten tsjekke en ûntdekke oft dizze situaasjes ek yn it echt foarkomme.
Ekstra oanbod skoallen
Ast as skoalle wolst (en guon hawwe dit al oanfrege!), kinst dêrneist noch in berop dwaan op akteurs om it projekt út te wreidzjen. Dy akteurs komme op skoalle en spylje in pear sênes út it boek nei. Ferfolgens giet in teäterdosint mei de learlingen yn petear oer de dilemma’s dêr’t de haadpersoanen mei te krijen hawwe. Troch aktyf mei te tinken en it gesprek oan te gean, komt it ferhaal noch mear ta libben.
Mear ynfo of oanfreegje? Regisseur Joris Verschuur heart it graach, kontakt mei him opnimme kin fia jorisverschuur03@gmail.com.