It boek foar de kommende edysje fan LêsNo is Tonto Mundo en is skreaun troch Hilda Talsma. Yn ‘Tonto Mundo’ komme ferskate tema’s oan ‘e oarder: wêze wa’tst wolst, eigenwearde, skuldgefoel, dysels kennen leare en de plak/rol yn it gesin.
Koarte ynhâld: Duco is faak lilk, om’t syn âlden him net altyd begripe en hy wat oars wurde wol as sy yn ’e holle ha. Olivia like altyd sa leaf, mar as se in stunt úthellet om in klasgenoate op har plak te setten, sjocht it der hiel oars út. Beide wurde se nei in biste-opfang stjoerd, dêr’t de eksintrike Loes harren oan it wurk set. Duco moat in hynstestâl bouwe en Olivia moat in keunstwurk meitsje. En dan wurdt dúdlik wat har beiden sa dwers sit.