Jennifer stript

As herintredend YouTuber siket Jennifer de Vries nei har USP (Unique Selling Point). Nettsjinsteande de stress dy’t it meitsjen fan deistige kontint mei him meibringt wit se as shoplogger al fluch in soad omtinken te krijen. Mar op it momint dat se troch in hacker sjantearre wurdt mei har eigen naaktbylden feroaret Jennifer’s online súksesferhaal yn in offline lilke dream. Om harsels te beskermjen beslút se de spesifike opdrachten fan de hacker út te fieren. Sa wurdt stikje by bytsje dúdlik dat Jennifer, foar de hacker,  in vehikel is om de sike kleanyndustry te ûntmaskerjen. Se komt der achter dat moade-influencers mei ferantwurdelik binne foar grutskalige misbrûk fan arbeiders en miljeufersmoarging. Hjirmei is fêststeld dat de online wrâld fan dizze influencers in fertekene byld jout fan de wurklikheid en  ûnrjocht yn stân hâldt.
Jennifer Stript is in transmediale floch-detektive wêryn ’t langstme nei online súkses liedt ta it ûnthullen fan in offline drama. Slagget it Jennifer om har folgers in alternatyf te bieden foar de produkten fan de perverse moade-yndustry en ek nochris om te gean mei de druk dy ’t dizze syktocht mei him meibringt?