Kick-off LêsNo op Topsport Talentschool OSG Sevenwolden

11 jannewaris wie de kick-off fan de 10e edysje fan LêsNo op OSG Sevenwolden op It Hearrenfean. Mear as 5200 learlingen fan 33 middelbere skoallen yn Fryslân sille seis wiken lang yn ’e klasse oan ‘e slach mei LêsNo. LêsNo is in ynnovatyf Frysk lêsbefoarderingsprojekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Twa tennis talinten krigen út hannen fan skriuwer Jan Minno Rozendal in eksimplaar fan it boek ‘Tie / Break’.

Sintraal yn dit projekt stiet dit jier it boek ‘Tie / Break’ fan Jan Minno Rozendal. Der is lesmateriaal by makke en koarte filmkes dêr’t de personaazjes út it boek ta libben komme. Koarte ynhâld fan it boek: Jelle en Femke binne al hiel lang goeie freonen. Boppedat ha se deselde passy: tennis. Se spylje al in pear jier tegearre mixed-dûbel op profesjoneel nivo. No gean se nei de middelbere skoalle. Hjir krijt Femke lykwols nije hobby’s en freon(dinn)en, en se hat hieltyd minder oandacht foar Jelle en harren sport. Jelle kin dêr net mei omgean en ferklapt in grut geheim fan Femke yn ‘e klasse. It ferried fan har freon docht Femke sear. Komt dit noch wol goed?

Yn de bysûndere yllustraasjes fan it boek, makke troch Monique Vogelsang, binne QR koades te finen wêrtroch 18 ferkillende filmkes te sjen binne, filmkes dy’t krekt noch wat mear fertelle as it boek sels. De earste twa eksimplaren waarden op Topsport Talentschool OSG Sevenwolden troch skriuwer Jan Minno Rozendal oanbean oan twa tennis-talinten út de earste klasse: Benjamin Huisman en Mariam Bergsma.