Kening fan de cross

Sven en Isabel binne net allinne in setsje mar ek konkurrinten. Beide stride se om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Autocross. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal en wurdt advisearre troch syn fanatike heit. Isabel is tûk en yntelligint en kriget help fan Frankie ‘Vega’ en Geart de monteur. De spanningen tusken Sven en Isabel rinne heech op. Wa wurdt kampioen? Wat ha se der foaroer om te winnen? En hat harren freonskip hjir ûnder te lijen? Kening fan de cross is in boek fol aksje en humor.