Biografie Jan Minno Rozendal
Jan Minno Rozendal is de soan fan Anders Rozendal en Corry Boelens, beide ek skriuwer.
Hy is hikke en tein yn De Westereen. Op syn tsiende ferhuze de húshâlding nei Bûtenpost, letter gie er op keamers yn Grins. Op it stuit wennet er mei syn partner yn Mijdrecht. Nei in syktocht by ferskate rjochtingen del keas er lang om let foar in jûnstúdzje skiednis oan de RUG.
Dêr helle er nei fjouwer jier syn Master. Op dit stuit hat er in kommersjeel skriuwburo en wurket freelance as ûntwikkelder skiednisûnderwiis by OBS het Mozaïek yn Arnhem. Dêrneist wurket er oan in promoasjeûndersyk oer Douwe Kalma, dat er hopet ôf te sluten mei in dissertaasje.
Op syn achttjinde hie er al ris in koart ferhaal foar in bondel fan de KFFB oanlevere, mar dêrnei stagnearre it. Pas by syn stúdzje begûn er wer wille te krijen oan it byldzjend skriuwen. Om better te wurden folge er kursussen, folge by Jetske Bilker en Lupko Ellen.
Yn de simmer fan 2014 krige er âlde memoires yn hannen dy ’t er ferwurke ta syn debútroman ‘Drift’, dy ’t by de KFFB útkaam yn 2017. ‘Drift’ is in roman dy ’t om 1910 hinne spilet.
Oan it begjin fan 2018 kaam syn twadde boek ‘De Fluchste Blanke’ út, krekt as ‘Drift’ in histoaryske roman, dy ’t him ôfspilet rûnom de twadde wrâldoarloch.
Yn 2018 kaam in biografy út fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881 -1948).
Yn 2022 kaam Rozendal mei in roman oer Johan Wardenier, de útfiner dy ’t in soad omtinken luts mei in motor dy ’t amper brânstof nedich hie.
Tuskentroch publisearre Jan Minno Rozendal ûnder de skûlnamme I.E. Bloem twa jeugdromans, dy ’t beide geunstich ûntfongen waarden, mei úteinlik yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar ‘ It neidiel fan de twivel ’.
By de útrikking stapte Rozendal ûnder syn skûlnamme wei en makke dêrmei in ein oan alle spekulaasjes oer syn identiteit. Itselde boek waard letter dat jier foarsjoen fan in White Raven, in ynternasjonale oanbefelling foar bysûndere jeugd – en berneboeken.