Biografie Freddie Scheltema

Freddie Scheltema is hikke en tein yn it greiddoarp Easterein. Hy is in bern fan de jierren sechstich. Wie dwers en rekalsitrant yn syn jonge jierren; hy waard fan twa skoallen stjoerd. Dêrnei hie hy in soad ambachten en krekt safolle ûngelokken. Hy wie boarder by de NAM, wie barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner.
Ein jierren santich begûn hy de band ‘First Day’, en hie dêrmei regionaal wat sukses. Mei de band ‘Common Brain’ brocht hy syn earste CD út: ‘Sounds like bagger’. Mei alle popmuzikanten fan syn bertedoarp makke hy de CD ‘Easterein United’. Yn dizze ieu makke hy de CD ‘Fjoer en Wetter’. Dêrnei skreau er muzyk foar kabaret en revu.
Yn 2011 ferskynde syn earste roman, De reuny, oer opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Yn 2012 ferskynde it jongereinboek De keet fan Annawâld, in humoristysk boek oer it frije libben fan in groep jongerein. Dit boek waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis. Syn ûnderfinings yn syn wurk yn de finzenis beskreau er yn Tralies, verhalen van een gevangenbewaarder, útkommen yn 2014.
Yn 2018 ferskynde de roman De negen dagen van Dirk Jan Denekamp, in boeiende roman oer de njoggen belangrykste dagen in it libben fan de haadpersoan. Dizze 4 boeken kamen út by útjouwerij Elikser. Yn 2021 ferskynde by útjouwerij Bornmeer It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen, in samling gedichten en koarte ferhalen.
Freddie Scheltema hat en bydragen levere oan de ferhalebondels In bus fol ferhalen en de jongerenbondel Dy iene foto.